

Oranjewâld
Gedichtit wurd simmerresidinsje hie wat heimsinnichs
kostber plak dêr’t al dy Oranjelju har simmerdeis
blykber sa thús fielden tusken de Friezen
leaflik spruts it folk ûnderinnoar oer Marijke Meu
at se Maria Louise van Hessen-Kassel bedoelden
soms op blakstille simmermoarns oan ’e râne fan boskfivers
koest it risseljen fan keninklike gewaden noch heare
alteast asto yn mearkes leauwdest
wilens wurde de ferhalen hieltyd moaier as de werklikheid wie
al hat it lânskip sûndermis dochs ek wol wat
- Henk van der Veer
- Fotograaf: Wim Koevoets